Fraach 3: By de 100 meast resint brûkte foto's stie hieltyd ien ikoantsje, allinne dat fan Attribution. Dat sil dus yn alle gefallen by de meast brûkte foto's it meast foarkomme.
Fraach 4: Ik kaam by de Findr saneamde tagtrees tsjin. Dy binne hiel handich, foaral as josels net sa hurd op it goede wurd komme, of wannear't je in begryp oer de holle sjogge. Ek by it sykjen fan rillevant materiaal foar bygelyks útstallingen kin ien en oar hiel handich wêze.
woensdag 27 oktober 2010
Foto út Flickr
![]() | |||
| Rod Jellema en Jelle Krol |
vrijdag 15 oktober 2010
Feeds and Alerts
It grappige wie dat doe't ik in 'egofeed' makke, dat ik seach dat ik neamd wurd yn in reaksje fan Josse de Haan op in blog fan Huub Mous. Ik seach dat stikje wol doe't ik it noch net op datum sortearre hie, mar op relevânsje. Doe't ik ien en oar op datum sortearre, wie it stikje net mear yn de list werom te finen. Ra, ra, hoe kin dat?
Fierders krije je, sa't it liket, fia Google-alerts net alles dêr't je je foar opjûn hawwe. Sa fûn ik fia de egofeed, mear oer my as ik fia de Google-alert krigen hie. Alwer: Ra, ra, hoe kin dat?
Hawar, ek sûnder antwurden sille wy de reis mar fuortsette. De twadde wike komt der oan (mei min waar!).
PhileasBlog
Fierders krije je, sa't it liket, fia Google-alerts net alles dêr't je je foar opjûn hawwe. Sa fûn ik fia de egofeed, mear oer my as ik fia de Google-alert krigen hie. Alwer: Ra, ra, hoe kin dat?
Hawar, ek sûnder antwurden sille wy de reis mar fuortsette. De twadde wike komt der oan (mei min waar!).
PhileasBlog
maandag 11 oktober 2010
PhileasBlog
Krekt in nije wrâldreis yn 80 dagen begûn. Hoewol? Ik leau dat de kursus yn maart dien is, dus de reis sil krekt wol wat langer duorje. Hjoed, nei wat tûkelteammen, net goed te begripen 'foutmeldingen', dochs mei in nij blog fan start gien. De earste set fan de reis is no dus dien. It wurdt grif in nijsgjirrige reis. Hooplik sûnder al te folle net-begrypbere flaters en steurings,
Phileasblog
http://www.tresoar.nl/
Phileasblog
http://www.tresoar.nl/
Abonneren op:
Posts (Atom)
