vrijdag 17 december 2010

Opdracht 15: YouTube

Mei YouTube is by Tresoar faaks noch wol in wrâld te winnen. It filmke dat Omrop Fryslân makke hat oer de kolleksje Alice-yn-Wûnderlânboeken dy't oan Tresoar skonken binne, is in lyts foarbyldsje. Eins soe dat filmke ek op de Tresoar-side werom te finen wêze moatte, of op by de Tresoarfilmkes op YouTube set wurde moatte. Systematysk soe hiel wat bewegend byldmateriaal dat oer Tresoar en syn skatten giet oan de website fan tresoar taheakke wurde moatte. Dêr wurdt no, by myn witten, allinne te hea en te gers wat oan dien.

Fierders soene yndied ek filmkes makke wurde kinne fan presintaasjes, lykas dy oangeande Bruinsma syn oersetting fan Ovidius en de dêrby hearrende útstalling en fan oare útstallings dy't yn Tresoar hâlden wurde.

Ynstruksje oan brûkers soe ek fia filmkes kinne. Krekt sa't wy by dizze kursussen handige filmkes hawwe om ús paadwiis te meitsjen, soene filmkes makke wurde kinne oer bygelyks: Hoe fyn ik in argyfstik?, Hoe freegje ik thús in boek oan? Wat is IBL? en gean sa mar troch.

Mear en mear binne minsken yn dy sin bedoarn, dat se oer alderhanne dingen filmkes sjen wolle. Wy soene dêr mei rûnliedings, edukaasje, útstallings folle mear gebrûk fan meitsje kinne. Wy moatte dan yntern ris sjen: wa kin wat dan it bêste dwaan.

Opdracht 14: Instant Messaging

IM-en? Yndertiid hie ik dy ôfkoarting wol ris sjoen en doe gie troch my hinne: In Memoriams? Ischa Meijers? Wat yn de goedichheid is IM-en? No begryp ik dat it alle foarmen fan chat omfiemet: MSNen, fuort op inoar reagearje mei hin-en-wer stikjes te skriuwen, mar ek fia de kompjûter VoIPe of Skype.

It brûken fan IM-en yntern yn in organisaasje as Tresoar hat neffens my net folle doel: de linen binne gelokkich hjir noch altyd wol sa koart, dat je ek wol efkes fan persoan ta persoan mei ien prate kinne.

Wat de IM-en mei de klanten oanbelanget: ik haw sjoen dat fan de biblioteken yn NL allinne de TU-Delft en de biblioteek fan it Fredespaleis sa'n service oanbiede.


As jo fuort mei in soarte fan service/ynformaasjebaalje fia de IM-en kontakt hawwe wolle, dan betsjut dat dat dy ynformaasjebaalje hieltyd goed beset wêze moat mei saakkundigen op alderhanne mêd. Foar Tresoar liket dat my net goed mooglik. De koartste klap is dan noch altyd efkes in tillefoantsje en trochferbûn wurde mei dejinge dy't it measte fan it oanbelangjende fakgebiet ôfwit. Of gewoan fia de mail efkes de fraach stjoere nei ynfo@tresoar.nl. De measte klanten wurde dan ek faak noch deselde of de oare deis al holpen.

Foar Tresoar sjoch ik dus net fuort tapassingen. Ek al it feit dat sa'n bytsje biblioteken, argiven en musea dy service biede, wylst soks dochs allang kinnen hie, liket der op te wizen, dat dizze wize fan kommunisearjen en jaan fan ynformaasje net as de meast gaadlike sjoen wurdt.

vrijdag 10 december 2010

Opdracht 13. Online kantoortoepassingen

As lid fan de redaksje fan Letterhoeke, liket my Googledocs in ideaal ynstrumint ta om út te besykjen foar it nije nûmer fan Letterhoeke. Op in beskate manier dogge wy no ek al oan útwikseljen fia mienskiplike en foar elts tagongklike dokuminten, nammentlik op de skiif Algemien > Periodyk. Mar foar it echt redigearjen fan teksten is dit faaks wol in prachtige oplossing.

Phileasblog

donderdag 9 december 2010

Opdracht 12: Twitter

Der wurdt wat ôfkweake, twittere, op de wrâld! Wat in rike boarne foar lettere histoarisy en biografen. By Maxime Verhagen kin ik no al goed 8000 tweets lêze en dan is hy noch net iens in pear jier oan de gong. Stel hy wie as jonge fan 14 al mei twitterjen út ein set en hy wurdt 84 en makket yn trochsneed alle dagen 4 tweets: 70 x 365 x 4 = 102.200 tweets! De biograaf kriget dan hiel wat foar de kiezzen, en it is dan allinne  noch mar wat Verhagen sels byinoar skreaun hat. It is nammers no al in toer om syn alderearste tweet te finen: dat duorre alteast sa't ik dat doch in hiel skoft. Soene, lit ús sizze, oer tweintich jier al dy tweets fan him nammers noch wol goed bewarre en werom te finen wêze? Hawar, in ryk tresoar!

De ferdûbeling fan deselde ynformaasje fia Twitter is ek ûnbidige grut: wat as nijsitems op de site fan Omrop Fryslân presintearre wurdt, krije je ek as Tweets werom.

Aardich is it medium foaral om inside information te krijen oer ûnderwerpen dêr't je nijsgjirrich nei binne en oer minsken fan wa't je in fan binne en fan wa't je om ien of oare reden  graach witte wolle wat se dogge en wat har dwaande hâldt.

It is hiel nijsgjirrich om mei dit medium yn de kunde te kommen, mar oft ik my it oan tiid dwaan sil om it in soad te folgjen of der sels in soad op te sette, sil de takomst útwize moatte.

Phileasblog