vrijdag 17 december 2010

Opdracht 15: YouTube

Mei YouTube is by Tresoar faaks noch wol in wrâld te winnen. It filmke dat Omrop Fryslân makke hat oer de kolleksje Alice-yn-Wûnderlânboeken dy't oan Tresoar skonken binne, is in lyts foarbyldsje. Eins soe dat filmke ek op de Tresoar-side werom te finen wêze moatte, of op by de Tresoarfilmkes op YouTube set wurde moatte. Systematysk soe hiel wat bewegend byldmateriaal dat oer Tresoar en syn skatten giet oan de website fan tresoar taheakke wurde moatte. Dêr wurdt no, by myn witten, allinne te hea en te gers wat oan dien.

Fierders soene yndied ek filmkes makke wurde kinne fan presintaasjes, lykas dy oangeande Bruinsma syn oersetting fan Ovidius en de dêrby hearrende útstalling en fan oare útstallings dy't yn Tresoar hâlden wurde.

Ynstruksje oan brûkers soe ek fia filmkes kinne. Krekt sa't wy by dizze kursussen handige filmkes hawwe om ús paadwiis te meitsjen, soene filmkes makke wurde kinne oer bygelyks: Hoe fyn ik in argyfstik?, Hoe freegje ik thús in boek oan? Wat is IBL? en gean sa mar troch.

Mear en mear binne minsken yn dy sin bedoarn, dat se oer alderhanne dingen filmkes sjen wolle. Wy soene dêr mei rûnliedings, edukaasje, útstallings folle mear gebrûk fan meitsje kinne. Wy moatte dan yntern ris sjen: wa kin wat dan it bêste dwaan.

Opdracht 14: Instant Messaging

IM-en? Yndertiid hie ik dy ôfkoarting wol ris sjoen en doe gie troch my hinne: In Memoriams? Ischa Meijers? Wat yn de goedichheid is IM-en? No begryp ik dat it alle foarmen fan chat omfiemet: MSNen, fuort op inoar reagearje mei hin-en-wer stikjes te skriuwen, mar ek fia de kompjûter VoIPe of Skype.

It brûken fan IM-en yntern yn in organisaasje as Tresoar hat neffens my net folle doel: de linen binne gelokkich hjir noch altyd wol sa koart, dat je ek wol efkes fan persoan ta persoan mei ien prate kinne.

Wat de IM-en mei de klanten oanbelanget: ik haw sjoen dat fan de biblioteken yn NL allinne de TU-Delft en de biblioteek fan it Fredespaleis sa'n service oanbiede.


As jo fuort mei in soarte fan service/ynformaasjebaalje fia de IM-en kontakt hawwe wolle, dan betsjut dat dat dy ynformaasjebaalje hieltyd goed beset wêze moat mei saakkundigen op alderhanne mêd. Foar Tresoar liket dat my net goed mooglik. De koartste klap is dan noch altyd efkes in tillefoantsje en trochferbûn wurde mei dejinge dy't it measte fan it oanbelangjende fakgebiet ôfwit. Of gewoan fia de mail efkes de fraach stjoere nei ynfo@tresoar.nl. De measte klanten wurde dan ek faak noch deselde of de oare deis al holpen.

Foar Tresoar sjoch ik dus net fuort tapassingen. Ek al it feit dat sa'n bytsje biblioteken, argiven en musea dy service biede, wylst soks dochs allang kinnen hie, liket der op te wizen, dat dizze wize fan kommunisearjen en jaan fan ynformaasje net as de meast gaadlike sjoen wurdt.

vrijdag 10 december 2010

Opdracht 13. Online kantoortoepassingen

As lid fan de redaksje fan Letterhoeke, liket my Googledocs in ideaal ynstrumint ta om út te besykjen foar it nije nûmer fan Letterhoeke. Op in beskate manier dogge wy no ek al oan útwikseljen fia mienskiplike en foar elts tagongklike dokuminten, nammentlik op de skiif Algemien > Periodyk. Mar foar it echt redigearjen fan teksten is dit faaks wol in prachtige oplossing.

Phileasblog

donderdag 9 december 2010

Opdracht 12: Twitter

Der wurdt wat ôfkweake, twittere, op de wrâld! Wat in rike boarne foar lettere histoarisy en biografen. By Maxime Verhagen kin ik no al goed 8000 tweets lêze en dan is hy noch net iens in pear jier oan de gong. Stel hy wie as jonge fan 14 al mei twitterjen út ein set en hy wurdt 84 en makket yn trochsneed alle dagen 4 tweets: 70 x 365 x 4 = 102.200 tweets! De biograaf kriget dan hiel wat foar de kiezzen, en it is dan allinne  noch mar wat Verhagen sels byinoar skreaun hat. It is nammers no al in toer om syn alderearste tweet te finen: dat duorre alteast sa't ik dat doch in hiel skoft. Soene, lit ús sizze, oer tweintich jier al dy tweets fan him nammers noch wol goed bewarre en werom te finen wêze? Hawar, in ryk tresoar!

De ferdûbeling fan deselde ynformaasje fia Twitter is ek ûnbidige grut: wat as nijsitems op de site fan Omrop Fryslân presintearre wurdt, krije je ek as Tweets werom.

Aardich is it medium foaral om inside information te krijen oer ûnderwerpen dêr't je nijsgjirrich nei binne en oer minsken fan wa't je in fan binne en fan wa't je om ien of oare reden  graach witte wolle wat se dogge en wat har dwaande hâldt.

It is hiel nijsgjirrich om mei dit medium yn de kunde te kommen, mar oft ik my it oan tiid dwaan sil om it in soad te folgjen of der sels in soad op te sette, sil de takomst útwize moatte.

Phileasblog

vrijdag 26 november 2010

Opdracht 11: Wiki's

Op hiel wat wizen kinne Wiki's helpe. Ik sjoch mooglikheden foar wat myn wurk oanbelanget by bygelyks de redaksje fan Letterhoeke. Yn in mienskiplike Wiki kin byhâlden wurde wat dien wurde moat en wat al dien is. Op in folgjende redaksjegearkomste sil ik it idee ris mei de oaren beprate.

Op dit stuit bin ik foar Tresoar behelle yn it meitsjen fan in eksposysje oer Mennisten. It inisjatyf leit by de Algemiene Doopsgesinde Soasjeteit, de útfiering by Bysûnder Kolleksjes fan de UB fan de Universiteit fan Amsterdam en by in in lyts buro dêr't ik de namme net fan wit. Yn alle gefallen soe it ek yn dat gefal faaks effisjinter wurke hawwe as wy alles yn in Wiki set hiene. No binne dingen wolris net goed kommunisearre om't ien fan de dielnimmers de mail oer bepaalde ûnderwerpen net krige

It punt is wol dat elk goed meidwaan moat. Ien moat net tinke: o ik haw dat en dat al yn dy-en-dy mail oan X skreaun en dan ûnderwilens ferjitte dat it ek noch mei oaren dield wurde moat yn de wiki. Miskien moatte je by soksoarte dingen ek ien oanwize dy't de fuortgong goed byhâldt en oaren yndachtich makket op it konsekwint oanleverjen fan de nedige ynformaasje.

 Miskien kin yntern ek bygelyks by it plannen en meitsjen fan útstallings mei Wiki's wurke wurde.

vrijdag 12 november 2010

Opdracht 10 Delcious

Foar mysels is dat taggen en bookmarken benammen handich om boeken te finen dy't nijsgjirrich binne foar de kolleksje. Oan no ta wurke ik al in soad mei favoriten: troch te sykjen by guon oare biblioteken (dêr't ik de urls fan haw by myn favoriten) Mar dit biedt wer mear mooglikheden,  mei dy.

Foar Tresoar biedt it deselde moaie mooglikheden, mar faaks moat dan wol mear mei dielgebieten wurke wurde. Ommers Tresoar is aktyf op safolle gebieten dat men dan maklik fertize kin yn de grutte hoemannichte oan dingen. As Tresoar sawol oer in soad sustersiden sjen lit dy't bygelyks mei Frysk damjen te krijen hawwe as in soad oer letterlapen dan kin it de minsken op it lêst wolris foar de eagen grimelje. De mjitte is kostlik.

maandag 8 november 2010

Opdracht 9 Ideeën oer 2.0

  • Op Sirkwy soene weblog kinne oer boekpresintaasjes mei links nei de siden oer de skriuwersbio/biliografy. Mei eventuele oardielen oer boeken moatte je fansels wol útsjen as neutrale organisaasje. Jo soene der foto's by dwaan kinne fan de boekpresintaasje, mar ek dan jildt wierskynlik dat je faaks earst ek freegje moatte oft je foto's wol pleatse meie.
  • Mei RSSfeeds soene je de oanwinsten fan de KB op ûnderskate mêden ek folgje kinne. Foar de kolleksjefoarming is dat ek fan belang.
  • Mei foto-editors moatte je fansels wol oppasse: Tresoar is der yn it foarste plak om orizjinelen te bewarjen. As it giet om bewurke foto's, dan moat soks der wol goed by sein wurde.
  • De begripen RSS ensfh. krije wol mear ynhâld. It bliuwt lykwols wol sa dat men foar al ditsoarte aktiviteiten tiid ynromje moat en as men der op oare fronten taken by kriget, dan is it net goed mooglik om de nije berjochten dy't fia RSS-readers op it skerm komme scannend te lêzen.
  • Blogs sjoch ik yn it foarste plak as mooglikheden om privee jin te uterjen, bygelyks oer boeken, films etc.
Phileasblog

Opdracht 8 Foto bewurkje

Heit, Piter Krol, mei Louw Dykstra, by bakker Wouda yn Bitgummole

woensdag 27 oktober 2010

Opdracht 7

Fraach 3: By de 100 meast resint brûkte foto's stie hieltyd ien ikoantsje, allinne dat fan Attribution. Dat sil dus yn alle gefallen by de meast brûkte foto's it meast foarkomme.
Fraach 4: Ik kaam by de Findr saneamde tagtrees tsjin. Dy binne hiel handich, foaral as josels net sa hurd op it goede wurd komme, of wannear't je in begryp oer de holle sjogge. Ek by it sykjen fan rillevant materiaal foar bygelyks útstallingen kin ien en oar hiel handich wêze.

Foto út Flickr

Rod Jellema en Jelle Krol   
Hjoed hearde ik fan Rod Jellema (hjir mei my op de foto yn New York, doe't wy dêr yn septimber 2009 ta eare fan Peter Stuyvesant gedichten fan Stuyvesant yn sawol it Nederlânsk as it Ingelsk foarliezen) dat fan him in nij boek ûnderweis is. Hy hat by Eerdmans syn samle gedichten útbrocht en dêrby ek guon fan syn oersettingen út it Frysk opnommen.

vrijdag 15 oktober 2010

Feeds and Alerts

It grappige wie dat doe't ik in 'egofeed' makke, dat ik seach dat ik neamd wurd yn in reaksje fan Josse de Haan op in blog fan Huub Mous. Ik seach dat stikje wol doe't ik it noch net op datum sortearre hie, mar op relevânsje. Doe't ik ien en oar op datum sortearre, wie it stikje net mear yn de list werom te finen. Ra, ra, hoe kin dat?

Fierders krije je, sa't it liket, fia Google-alerts net alles dêr't je je foar opjûn hawwe. Sa fûn ik fia de egofeed, mear oer my as ik fia de Google-alert krigen hie. Alwer: Ra, ra, hoe kin dat?

Hawar, ek sûnder antwurden sille wy de reis mar fuortsette. De twadde wike komt der oan (mei min waar!).

PhileasBlog

maandag 11 oktober 2010

PhileasBlog

Krekt in nije wrâldreis yn 80 dagen begûn. Hoewol? Ik leau dat de kursus yn maart dien is, dus de reis sil krekt wol wat langer duorje. Hjoed, nei wat tûkelteammen, net goed te begripen 'foutmeldingen', dochs mei in nij blog fan start gien. De earste set fan de reis is no dus dien. It wurdt grif in nijsgjirrige reis. Hooplik sûnder al te folle net-begrypbere flaters en steurings,

Phileasblog

http://www.tresoar.nl/