IM-en? Yndertiid hie ik dy ôfkoarting wol ris sjoen en doe gie troch my hinne: In Memoriams? Ischa Meijers? Wat yn de goedichheid is IM-en? No begryp ik dat it alle foarmen fan chat omfiemet: MSNen, fuort op inoar reagearje mei hin-en-wer stikjes te skriuwen, mar ek fia de kompjûter VoIPe of Skype.
It brûken fan IM-en yntern yn in organisaasje as Tresoar hat neffens my net folle doel: de linen binne gelokkich hjir noch altyd wol sa koart, dat je ek wol efkes fan persoan ta persoan mei ien prate kinne.
Wat de IM-en mei de klanten oanbelanget: ik haw sjoen dat fan de biblioteken yn NL allinne de TU-Delft en de biblioteek fan it Fredespaleis sa'n service oanbiede.
As jo fuort mei in soarte fan service/ynformaasjebaalje fia de IM-en kontakt hawwe wolle, dan betsjut dat dat dy ynformaasjebaalje hieltyd goed beset wêze moat mei saakkundigen op alderhanne mêd. Foar Tresoar liket dat my net goed mooglik. De koartste klap is dan noch altyd efkes in tillefoantsje en trochferbûn wurde mei dejinge dy't it measte fan it oanbelangjende fakgebiet ôfwit. Of gewoan fia de mail efkes de fraach stjoere nei ynfo@tresoar.nl. De measte klanten wurde dan ek faak noch deselde of de oare deis al holpen.
Foar Tresoar sjoch ik dus net fuort tapassingen. Ek al it feit dat sa'n bytsje biblioteken, argiven en musea dy service biede, wylst soks dochs allang kinnen hie, liket der op te wizen, dat dizze wize fan kommunisearjen en jaan fan ynformaasje net as de meast gaadlike sjoen wurdt.
1 opmerking:
Ik ha ek de yndruk dat MSN en soksoarte chat-mooglikheden hieltyd minder brûkt wurde. Dat jildt fansels net foar it beljen fia ynternet, dat nimt noch hieltyd mear ta. Benammen nei it bûtenlân en om te beljen mei plaatsjes fan de webcam derby.
Een reactie posten