vrijdag 14 januari 2011

Opdracht 17: Google Maps en Street View

Wylst je op de kaarten fan Google Maps fansels alderhanne foto's pleatse kinne fan skriuwers by de plakken dêr't skriuwers berne binne, wenne hawwe of ferstoarn binne, kin oarsom op bygelyks www.sirkwy.nl ek kaartsjes pleatst wurde dy't geografysk alderhanne biografyske data fan in skriuwer werjaan kinne. Mei help fan âlde foto's fan de lokaasje en nije street views kin dan bygelyks ek krekt werjûn wurde hoe't in bepaald plak der yn de skriuwer syn tiid útseach en hoe't dat no werjûn is yn 'Street View'. Fansels frette sokke dingen wol in soad tiid, as men dat goed dwaan wol, mar it kin, tinkt my, wol in soad nijsgjirrige fragen beänderje.

maandag 10 januari 2011

Opdracht 16: Mobyl Ynternet

As der in GPS-systeem op de mobile tillefoan sit, soe ek fuort alderhanne ynformaasje oer literêre saken werjûn wurde kinne. As men dan bygelyks yn Boksum is, kin men fuort sjen wêr't it bertehûs fan Ulbe van Houten en dat fan Douwe Kalma binne. Ek oare ynformaasje soe jûn wurde kinne: hiele filmkes oer beide skriuwers soene bygelyks toand wurde kinne. Foar wat boeken oangiet, soe ek noch hiel wat dien wurde kinne. As in skriuwer oanjûn hat wêr't er krekt in boek skreaun hat - en dat hat Anne Wadman bygelyks wol dien - dan soe dat ek oanjûn wurde kinne. Mar ek soe men, as men bygelyks wit wêr't in boek him ôfspilet, dat oanjaan kinne. Yn it gefal fan Sjoerd van der Schaaf syn roman Abbingawâld is bygelyks bekend dat Van der Schaaf mei Abbingawâld Beetstersweach op it each hie. Ek dat soe oanjûn wurde kinne. Yn hoefier't dat mei (boeken fan) noch libjende skriuwers dien wurde mei, is fansels de fraach.Ynearsten soe men begjinne kinne mei de ferstoarne skriuwers. In helpmiddel soe wêze kinne, de atlas op DBNL, http://www.dbnl.org/atlas/plaats.php?id=leeuw001, dat al in maoi priuwke jout fan alles dat mooglik is.