IM-en? Yndertiid hie ik dy ôfkoarting wol ris sjoen en doe gie troch my hinne: In Memoriams? Ischa Meijers? Wat yn de goedichheid is IM-en? No begryp ik dat it alle foarmen fan chat omfiemet: MSNen, fuort op inoar reagearje mei hin-en-wer stikjes te skriuwen, mar ek fia de kompjûter VoIPe of Skype.
It brûken fan IM-en yntern yn in organisaasje as Tresoar hat neffens my net folle doel: de linen binne gelokkich hjir noch altyd wol sa koart, dat je ek wol efkes fan persoan ta persoan mei ien prate kinne.
Wat de IM-en mei de klanten oanbelanget: ik haw sjoen dat fan de biblioteken yn NL allinne de TU-Delft en de biblioteek fan it Fredespaleis sa'n service oanbiede.
As jo fuort mei in soarte fan service/ynformaasjebaalje fia de IM-en kontakt hawwe wolle, dan betsjut dat dat dy ynformaasjebaalje hieltyd goed beset wêze moat mei saakkundigen op alderhanne mêd. Foar Tresoar liket dat my net goed mooglik. De koartste klap is dan noch altyd efkes in tillefoantsje en trochferbûn wurde mei dejinge dy't it measte fan it oanbelangjende fakgebiet ôfwit. Of gewoan fia de mail efkes de fraach stjoere nei ynfo@tresoar.nl. De measte klanten wurde dan ek faak noch deselde of de oare deis al holpen.
Foar Tresoar sjoch ik dus net fuort tapassingen. Ek al it feit dat sa'n bytsje biblioteken, argiven en musea dy service biede, wylst soks dochs allang kinnen hie, liket der op te wizen, dat dizze wize fan kommunisearjen en jaan fan ynformaasje net as de meast gaadlike sjoen wurdt.
vrijdag 17 december 2010
vrijdag 10 december 2010
Opdracht 13. Online kantoortoepassingen
As lid fan de redaksje fan Letterhoeke, liket my Googledocs in ideaal ynstrumint ta om út te besykjen foar it nije nûmer fan Letterhoeke. Op in beskate manier dogge wy no ek al oan útwikseljen fia mienskiplike en foar elts tagongklike dokuminten, nammentlik op de skiif Algemien > Periodyk. Mar foar it echt redigearjen fan teksten is dit faaks wol in prachtige oplossing.
Phileasblog
Phileasblog
donderdag 9 december 2010
Opdracht 12: Twitter
Der wurdt wat ôfkweake, twittere, op de wrâld! Wat in rike boarne foar lettere histoarisy en biografen. By Maxime Verhagen kin ik no al goed 8000 tweets lêze en dan is hy noch net iens in pear jier oan de gong. Stel hy wie as jonge fan 14 al mei twitterjen út ein set en hy wurdt 84 en makket yn trochsneed alle dagen 4 tweets: 70 x 365 x 4 = 102.200 tweets! De biograaf kriget dan hiel wat foar de kiezzen, en it is dan allinne noch mar wat Verhagen sels byinoar skreaun hat. It is nammers no al in toer om syn alderearste tweet te finen: dat duorre alteast sa't ik dat doch in hiel skoft. Soene, lit ús sizze, oer tweintich jier al dy tweets fan him nammers noch wol goed bewarre en werom te finen wêze? Hawar, in ryk tresoar!
De ferdûbeling fan deselde ynformaasje fia Twitter is ek ûnbidige grut: wat as nijsitems op de site fan Omrop Fryslân presintearre wurdt, krije je ek as Tweets werom.
Aardich is it medium foaral om inside information te krijen oer ûnderwerpen dêr't je nijsgjirrich nei binne en oer minsken fan wa't je in fan binne en fan wa't je om ien of oare reden graach witte wolle wat se dogge en wat har dwaande hâldt.
It is hiel nijsgjirrich om mei dit medium yn de kunde te kommen, mar oft ik my it oan tiid dwaan sil om it in soad te folgjen of der sels in soad op te sette, sil de takomst útwize moatte.

vrijdag 26 november 2010
Opdracht 11: Wiki's
Op hiel wat wizen kinne Wiki's helpe. Ik sjoch mooglikheden foar wat myn wurk oanbelanget by bygelyks de redaksje fan Letterhoeke. Yn in mienskiplike Wiki kin byhâlden wurde wat dien wurde moat en wat al dien is. Op in folgjende redaksjegearkomste sil ik it idee ris mei de oaren beprate.
Op dit stuit bin ik foar Tresoar behelle yn it meitsjen fan in eksposysje oer Mennisten. It inisjatyf leit by de Algemiene Doopsgesinde Soasjeteit, de útfiering by Bysûnder Kolleksjes fan de UB fan de Universiteit fan Amsterdam en by in in lyts buro dêr't ik de namme net fan wit. Yn alle gefallen soe it ek yn dat gefal faaks effisjinter wurke hawwe as wy alles yn in Wiki set hiene. No binne dingen wolris net goed kommunisearre om't ien fan de dielnimmers de mail oer bepaalde ûnderwerpen net krige
It punt is wol dat elk goed meidwaan moat. Ien moat net tinke: o ik haw dat en dat al yn dy-en-dy mail oan X skreaun en dan ûnderwilens ferjitte dat it ek noch mei oaren dield wurde moat yn de wiki. Miskien moatte je by soksoarte dingen ek ien oanwize dy't de fuortgong goed byhâldt en oaren yndachtich makket op it konsekwint oanleverjen fan de nedige ynformaasje.
Miskien kin yntern ek bygelyks by it plannen en meitsjen fan útstallings mei Wiki's wurke wurde.

vrijdag 12 november 2010
Opdracht 10 Delcious
Foar mysels is dat taggen en bookmarken benammen handich om boeken te finen dy't nijsgjirrich binne foar de kolleksje. Oan no ta wurke ik al in soad mei favoriten: troch te sykjen by guon oare biblioteken (dêr't ik de urls fan haw by myn favoriten) Mar dit biedt wer mear mooglikheden, mei dy.
Foar Tresoar biedt it deselde moaie mooglikheden, mar faaks moat dan wol mear mei dielgebieten wurke wurde. Ommers Tresoar is aktyf op safolle gebieten dat men dan maklik fertize kin yn de grutte hoemannichte oan dingen. As Tresoar sawol oer in soad sustersiden sjen lit dy't bygelyks mei Frysk damjen te krijen hawwe as in soad oer letterlapen dan kin it de minsken op it lêst wolris foar de eagen grimelje. De mjitte is kostlik.

maandag 8 november 2010
Opdracht 9 Ideeën oer 2.0
- Op Sirkwy soene weblog kinne oer boekpresintaasjes mei links nei de siden oer de skriuwersbio/biliografy. Mei eventuele oardielen oer boeken moatte je fansels wol útsjen as neutrale organisaasje. Jo soene der foto's by dwaan kinne fan de boekpresintaasje, mar ek dan jildt wierskynlik dat je faaks earst ek freegje moatte oft je foto's wol pleatse meie.
- Mei RSSfeeds soene je de oanwinsten fan de KB op ûnderskate mêden ek folgje kinne. Foar de kolleksjefoarming is dat ek fan belang.
- Mei foto-editors moatte je fansels wol oppasse: Tresoar is der yn it foarste plak om orizjinelen te bewarjen. As it giet om bewurke foto's, dan moat soks der wol goed by sein wurde.
- De begripen RSS ensfh. krije wol mear ynhâld. It bliuwt lykwols wol sa dat men foar al ditsoarte aktiviteiten tiid ynromje moat en as men der op oare fronten taken by kriget, dan is it net goed mooglik om de nije berjochten dy't fia RSS-readers op it skerm komme scannend te lêzen.
- Blogs sjoch ik yn it foarste plak as mooglikheden om privee jin te uterjen, bygelyks oer boeken, films etc.
Abonneren op:
Posts (Atom)