vrijdag 18 februari 2011

Genealogy

Opfallend fûn ik, wie de earste sin fan dit ding: "Genealogie is een populaire hobby ...". Yn Van Dale stiet noch altyd dat "genealogie" de "leer" is "van de ontwikkeling en verwantschap van geslachten". Fan wittenskip is genealogy dus evoluearre (of devaluearre, sa't men wol) ta in troch smiten folk útoefene leafhawwerij. It is moai dat de genealogy safolle minsken lûkt, mar tagelyk hâldt dat yn, sa't men dat op de sites dy't ek no sjoen haw ek sjen kin, dat genealogy fariearret fan hiel earnstich ûndersyk ta it byinoarpongjen fan wat gegevens sûnder dat goed neigien wurdt oft dy gegevens wol krekt binne.

My foel ek op hoefolle oft der noch njonkeninoar wurke wurdt. Benammen wat oparbeidzjen oangiet, is der op de sites noch in soad te winnen.

It sil wol mei privacyredenen te meitsjen hawwe, mar ek waard my dúdlik dat in hiel soad minsken har gegevens ôfskermje. Wol men dy gegevens al brûke, dan moat men navenant in soad wurk dwaan. Allinne it registrearjen hieltyd, is in hege drompel.

1 opmerking:

Anoniem zei

Dat ôfskermjen hat fansels wol in reden. Der is altiten privacy mei mank, benammen as it giet om noch libjende persoanen. (Ast dea bist hast gjin privacy mear, skreau ien fan ús fêste forumskriuwers lêsten.) En do hast gelyk: hoe makliker it wurdt om gegevens te publisearjen, hoe makliker de genealogen mei harren ûndersyk om geane. Ik kaam fannewike nog in parenteel op ynternet tsjin dy't foar 80% fan myn website oernommen is (sûnder boarnefermelding, fansels!).