maandag 28 februari 2011
Opdracht 22A: Biblioteek 2.0
It mear personalisearjen fan de Tresoarsite foar yndividuele brûkers fan Tresoar soe yn earste opslach al in grutte stap wêze kinne yn de rjochting fan Tresoar 2.0. Brûkers kinne dan ek mear as foarhinne suggestjes krije oer materiaal dat har ynteresse hat. As ien bygelyks njisgjirrich is nei boeken yn it Italjaansk of oer Itaalje dan soe dy persoan fuort op de hichte brocht wurde kinne mei nije publikaasjes. Ek it byinoarbringen fan minsken mei deselde ynteresses kin Tresoar dan better realisearje. As by Tresoar bygelyks bekend is dat yn Fryslân in lêzing oer Itaalje hâlden wurdt, dan kin dat yn ien kear trochjûn wurde oan dy brûkers fan Tresoar dy't oanjûn hawwe dat sy niget hawwe oan Itaalje.
Abonneren op:
Reacties posten (Atom)
1 opmerking:
De mooglikheid om fia in email op 'e hichte hâlden te wurden fan oanwinsten fan Tresoar yn dyn eigen belangstellingsgebiet is der fansels al lang (link), mar dat soe yndie noch wol fierder útsplitst wurde kinne. En miskien moat it ek better bekend makke wurde.
Een reactie posten