woensdag 9 februari 2011

LibraryThing

In skoft lyn kaam ik der efter dat ik alris in biblioteek oanmakke hie op LibraryThing en dat by hiel wat boeken dy't ik oanjûn hie kollega Andrys Stienstra de iennige wie dy't dy boeken ek yn syn LibraryThing boekekast hie.

It soe neffens my in goed ding wêze dat Tresoar ek ien fan de biblioteken wurdt dy't minsken rieplachtsje kinne as sy by LibraryThing nei in titel sykje. In hiel soad titels dy't wol by ús binne, fynt men net yn de KB. Allinne om dy reden al soe dat goed wêze.

Benammen om mieningen fan oaren oer boeken te lêzen is LT nijsgjirrich, tinkt my. In lestich punt by populêre boeken mei hiel wat ûnderskate printingen/útjeften is dat je dan by al dy ûnderskate printingen/útjeften sjen moatte.

1 opmerking:

Anoniem zei

It soe in goed ding wêze, mar it moat ek allegear wer ynfierd wurde. Gelokkich giet it ynfieren fan boeken mei in ISBN-nûmer wol flot, âldere boeken is bewurkliker.