maandag 28 februari 2011

Opdracht 22B: Argiven 2.0

Op de sites dy't ik oant no ta lies oer Argiven 2.0 priuw ik in folle behâldender omgong mei ynternet as dy siden dy't oer Biblioteken 2.0 geane. It reflektearret faaks it kontrast tusken "yn it foarste plak foar de ivichheid bewarje" en "goed deeglik en betrouber wêze" fan de argiven oan de iene kant en it "direkt de klant betsjinje" fan de biblioteken oan de oare kant. Fierders binne de ambysjes fan sawol argiven as biblioteken op dit mêd net wêzentlik ferskillend. Ek hjir kin in soad dien wurde mei minsken dy't deselde niget hawwe. Bring se byinoar op dagen dat dat kin en hâld se op de hichte fan oanwinsten en nije ûntjouwingen!

Opdracht 22A: Biblioteek 2.0

It mear personalisearjen fan de Tresoarsite foar yndividuele brûkers fan Tresoar soe yn earste opslach al in grutte stap wêze kinne yn de rjochting fan Tresoar 2.0. Brûkers kinne dan ek mear as foarhinne suggestjes krije oer materiaal dat har ynteresse hat. As ien bygelyks njisgjirrich is nei boeken yn it Italjaansk of oer Itaalje dan soe dy persoan fuort op de hichte brocht wurde kinne mei nije publikaasjes. Ek it byinoarbringen fan minsken mei deselde ynteresses kin Tresoar dan better realisearje. As by Tresoar bygelyks bekend is dat yn Fryslân in lêzing oer Itaalje hâlden wurdt, dan kin dat yn ien kear trochjûn wurde oan dy brûkers fan Tresoar dy't oanjûn hawwe dat sy niget hawwe oan Itaalje.

maandag 21 februari 2011

21B: Aquabrowser en sosjale biblioteekkatalogy

Ja, je kinne yndied op goede ideeën brocht wurde troch de Aquabrowser en suggestjes en tags. Mar út en troch wurde je ek hielendal op it ferkearde spoar set. Sa socht ik de OBA mei help fan it trefwurd 'doopsgezind' en krige ik nota bene as suggestje dêrby 'pausgezind'. No as 'doopsgezinden' ien net snuve hearre wolle, dan is it de paus wol. Foar de hân lizzende suggestjes as 'mennonieten' en 'men(n)isten' waarden net suggerearre, wol (n.b.) 'duitsgezinden'.

Koartsein: suggestjes, trefwurden en tags kinne je o sa helpe, mar se moatte fansels wol mei ferdrach lêzen en brûkt wurde.

vrijdag 18 februari 2011

Genealogy

Opfallend fûn ik, wie de earste sin fan dit ding: "Genealogie is een populaire hobby ...". Yn Van Dale stiet noch altyd dat "genealogie" de "leer" is "van de ontwikkeling en verwantschap van geslachten". Fan wittenskip is genealogy dus evoluearre (of devaluearre, sa't men wol) ta in troch smiten folk útoefene leafhawwerij. It is moai dat de genealogy safolle minsken lûkt, mar tagelyk hâldt dat yn, sa't men dat op de sites dy't ek no sjoen haw ek sjen kin, dat genealogy fariearret fan hiel earnstich ûndersyk ta it byinoarpongjen fan wat gegevens sûnder dat goed neigien wurdt oft dy gegevens wol krekt binne.

My foel ek op hoefolle oft der noch njonkeninoar wurke wurdt. Benammen wat oparbeidzjen oangiet, is der op de sites noch in soad te winnen.

It sil wol mei privacyredenen te meitsjen hawwe, mar ek waard my dúdlik dat in hiel soad minsken har gegevens ôfskermje. Wol men dy gegevens al brûke, dan moat men navenant in soad wurk dwaan. Allinne it registrearjen hieltyd, is in hege drompel.

vrijdag 11 februari 2011

Opdracht 20: Muzyk

Efkes wat favoriten besocht te finen. Mar dat foel noch net ta. Mei Al Jarreau hie ik noch it measte súkses. By it hiel soad wiene de 'tracks' net beskikber. Dat jildt ek foar bekende Fryske nûmers. Fan Gurbe Douwstra koe ik ek neat te hearren krije. Fansels soe it wol hiel aardich wêze om te besykjen om op LAST FM dat te krijen wat rjochtenfrij en oanwêzich is yn it lûd/muzykargyf fan Tresoar.

woensdag 9 februari 2011

Opdracht 19: Sociale Media

Sûnt tiden doch ik al mei: de iene tiid mear dit en de oare tiid mear dat. Yndertiid: Hyves, YahooGroups en MySpace. No mear Facebook en LinkedIn. Bytiden wit ik net iens mear goed wat ik allegear al by d' ein hân haw.

Foar de biblioteken binne der foaral goede mooglikheden om communities te foarmjen: leafhawwers fan bygelyks boeken fan Jules Verne dy't mei-inoar in groep foarmje en dy't fia de biblioteken ynformaasje krije oer de nijste publikaasjes. Mar sokke groepen kinne fansels ek ris útnoege wurde by Tresoar om nei in lêzing of sokssawat te kommen.

Privee brûk ik dizze media it measte om filmkes, foto's etc. te besjen en om - ferlykber mei e-mail - nijtsjes út te wikseljen.

LibraryThing

In skoft lyn kaam ik der efter dat ik alris in biblioteek oanmakke hie op LibraryThing en dat by hiel wat boeken dy't ik oanjûn hie kollega Andrys Stienstra de iennige wie dy't dy boeken ek yn syn LibraryThing boekekast hie.

It soe neffens my in goed ding wêze dat Tresoar ek ien fan de biblioteken wurdt dy't minsken rieplachtsje kinne as sy by LibraryThing nei in titel sykje. In hiel soad titels dy't wol by ús binne, fynt men net yn de KB. Allinne om dy reden al soe dat goed wêze.

Benammen om mieningen fan oaren oer boeken te lêzen is LT nijsgjirrich, tinkt my. In lestich punt by populêre boeken mei hiel wat ûnderskate printingen/útjeften is dat je dan by al dy ûnderskate printingen/útjeften sjen moatte.